Nei lange jierren fan stikken njonken de toer fan Skillaerd lein te hawwen, is op 24 augustus l.l. de grêfstien fan Douwe Willems, neidat de brokstikken oan elkoar ta ien gehiel makke binne, wer werom kommen op it hôf fan Skillaerd njonken de toer.


It wie de tsjerkerintmasters fan de doarpstsjerke al jierren net nei it sin dat de stikkene stien yn gruttere en lytsere brokstikken njonken de toer lei. Der waard yn it kollege wol oer praten, mar ta útfiering om it meitsje te litten wie it noch net oan takommen. De goede kontakten mei de Fa. Stienhouwerij Hutting út Ljouwert hawwe der foar soarge dat it no einliks realiseare is! It docht rjocht oan immen, dy der mei foar soarge hat dat yn de 17e ieuw, de hjoeddeistiche toer der stiet sa as die doetiids bouwt is.
Douwe Willems wie boer op Skillaerd en hie blykber sinten oer om de de tjerkfâlden fan dy tiid te skewielen mei jild om it bouwen fan de toer foar elkoar te krijgen, sa as se it foar eagen hienen. Nei it ôfbrekken fan de tsjerke yn 1884, is de toer stean bleaun en de stien der njonken yn brokstikken ek. Folle witte we der net mear fan, mar de tsjerkerintmasters hawwe dit jier trochpakt en it liket no wer kreas. De stikken stien binne skjin makke en op in betonplaat yn en oan elkoar setten. It is wer ien kreas gehiel wurden.
Troch de jierren hinne en de waarsynfloeden, is de tekst op de stien min te lêzen. De tekst dy noch te lêzen is, sjocht der sa út:
De tekst yn de râne fan de stien is:
ANNO 1680/DEN 11 MAERT IS INDEN HEERE GERUST DEN EERSAMEN
DOUWE [WILLEMS] / […..] [O]UT ONTRENT 80 IAER ENDE LEIT ALHIER BEGRAVEN
En it opskrift op de stien:
Douwe Willems die
goede trouwe knecht
Die heeft hier een
Lange tyt versleten
wel 47 iar [……] n
huis ge [……]
Ende16 [……]
syn gel [……] vereert
Boppe it opskrift is een heale adelaar oanbrocht en boppenoan in D en in W [ de initialen fan Douwe Willems] De hoekmedaillons twa symboalen [yn minskekoppen] die twa fasen fan it minslik bestean wjerjouwe n.l. in berneholtsje en in jongeling. De twa ûntbrekkende hoekmedaillons binne de holle fan in âld man en in skedel.
Mei dizze retauraasje fan de stien njonken de toer is in stikje skiednis werom brocht op it mooie hôf fan Skillaerd. Dat we omtrint 350 jier letter omtinken jaan kinne oan in man die dêr beïerdige is en sa wichtig west hat yn die tiid, jouwt in goed gefoel. De toer hat oarlogen en twisten trochstien, stoarmen, rein en tonger. It is allegear foarbykaam, de toer soe hast ôfbrutsen wurde, mar stiet oan hjoed de dei noch fier oerein anno 2026. Toch binne der foar de toer bedrigings. De toer is oan it fersakjen en rûnom komme der skuorren yn de muorren en komt de flier, troch it fersakjen omheech. Dit binne wer nije ûtdagings foar it kollege fan tsjerkerintmasters, mar deroer letter mear.
Rinze de Groot
