Ga naar de inhoud

Nieuwsbrief Kerst

Fan de foarsitter

As ik dit stikje sit te skriuwen achter myn computer is de “Lockdown” in pear dagen yn
wurking en set it deistige libben fan de mienskip op syn kop. Der is hiel wat bard it ôfrûne jier. As tsjerkeried binne we nei de befestiging op snein 19 januari fol fan ambysjes útein set, net wittende dat it hiel oars rinne soe as we yn gedachten hienen. It Covid 19- firus hat ús likernôch it hiele jier yn de besnijing. It is ús allegear dûdlik wurden dat de “maakbaarheid” fan de tiid weryn we libje en alles wat der mei gearhinget net fanselssprekkend is. It is de natuur yn al har foegen dy bepalend is foar ús deistige libben en wolwêzen. Wy wienen dat wolris kwyt en it geduld dat we wachtsje moatte op in vaccin is foar sommigen swier om te oanfurdzjen. De hoop dy we hawwe dat it goed komt moat fansels altyd de boppetoan hawwe, al hoe dreech dat somtiden ek is. Aldergeloks falt it yn ús doarp en tsjerkelike gemeente ta mei de gefolgen fan dizze pandemie. We binne segene dat ús mienskip hjir yn it wide lân fan de greidhoeke is. It kommende jier stiet der hiel wat te barren. De grutte restauraasje fan de tsjerke en oargel, wer al mei bigûn is mei it út de tsjerke heljen fan it oargel yn november en yn de earste wiken fan januari sil boubedriuw van der Vegt út Weidum útein sette mei it ynpakken fan it ynterieur fan de tsjerke. Hjir op folgjend sille se
begjinne mei it stegerjen en restaureerjen fan it ferwurf.


De tsjerketsjinsten dy al minimaliseert wienen troch it Covid-firus binne foarearst op in sacht sin setten en is de tsjerke foar alle activiteiten sletten. It nije ynitiatief fan “Breek de Week” is hjir ek de dupe fan wurden. Dit foarsjocht yn in dûdlike behoefte fan moeting en bypraten. We hoopje de tried wer oppakke te kinnen yn it nije jier as it wer kin. It koar mei de bern dat enthousiast oefene om te sjongen mei kryst sil seker ek in ferfolch krije! De tsjerkeried hat bislûten om foarearst salang de rigels fan de swiere “Lockdown” jilde, gjin tsjinsten of moetingen te hâlden. It pastoraat lykwols giet gewoan troch, dwers troch de crisis hinne, binne ús predikant en âlderlingen lykas altyd beskikber foar in goed gesprek of oare foarmen fan pastoraat, as der fraach en behoefte nei is.


Sadree it wer kin, wolle we de tsjerketsjinsten hâlde yn de Wjukken. In oar plak, mar mei deselde wurden, gebeden en meiinoar wêzen en moeting. Wy sjogge as tsjerkeried der nei út jimme dêr te moetsjen. It fieren fan kryst, it feest fan it ljocht en it nije begjin mei it bitinken fan de berte fan Jezus, hat dit jier in hiel oare beleving dan oars. De mooie tsjinsten yn in folle tsjerke sille der dit jier net wêze. It wol net sizze dat kryst dermei fuort is, mar it is oars. Tink oan elkoar en oan dyjinge dy jim dierber binne. Kryst sil der altyd bliuwe, lykas de tsjerke en har mienskip. Ieuwen binne foarby gien en yn al dy lange reeks fan hûnderten jierren is der fan alles bard, mar it leauwen en de mienskip binne altyd bestean bleaun! Hjir komme we meiinoar ek wer boppe op. It fertrouwen en de hoop kinne net fan ús ôfnaam wurde! Ik winskje jimme allegear, út namme fan de tsjerkeried, in hiele goede kryst en jierwiksel ta. Bliuw sûn en tink in bytsje om elkoar. In nij jier leit aanst wer foar ús klear mei alle útdagingen dy op ús paad komme en geane we it libben wer libjen sa it op ús wei komme mei.


Rinse S. de Groot